februari 10, 2023
fan ûnbekend*
Mar ien kear yn it jier
sjit de ljochtstriel oer it wetter,
tsien novimber is de dei;
hoewol’t de fjoertoer oars net wurket,
ropt de striel no al gefoelens op
oer seisentritich deaden op dy dei.
De stoarm wie mear as swier,
jage oer de Grutte Marren,
foel in tritich skippen oan
en fierde seelju nei de djipte
nei’t gefoelens sprieken earder op,
dy kamen lykwols by de kust net oan.
It ljocht wie net foar sier
nei’t de toer op rotsen boud wie,
mar it wiisde trou de wei,
soe letter oer de ramp fertelle,
rôp dêrmei elk jier gefoelens op,
om’t seisentritich seelju rekken wei.
* Foto ‘Split Rock Fjoertoer’
februari 9, 2023
fan Grigori Grigorjevitsj Gagarin*
Se binne oan de hichten wend,
dy’t har it sicht ûntnimme
op wat oandriuwt fan de kym,
de bui dy’t ûnferwachts ferriist…
wa doart dan noch te klimmen?
Se binne ek oan ’t streamen wend,
it kolkjen fan it wetter,
dat net oandriuwt om dêrtroch,
it is de plicht dy’t harren wiist
it paad, der is net better.
It giet earst nei de djipte ta,
it hoars hâldt har op hichte,
dat drûch komme se dertroch,
it is de bui dy’t har oangriist
mei lading nei de lichte.
* Grigori Grigorjevitsj Gagarin (
Skilderij ‘De oerstek fan in rivier
troch berchbewenners’