maart 5, 2023
fan ûnbekend*
It lân dat iuwen hearske oer
de weagen, ek de heale wrâld
syn wil op lei, hold net mear stân:
koloanjes waarden nije steaten,
oerbleau inkeld Ingelân.
Twa folken yn in smel gebiet
mei rjochten, nij of al hiel âld,
mei mieningen, folslein ferdield,
fan Israel en Palestina,
wat as ûnrjochtfeardich fielt.
Tal naasjes yn in hecht ferbân
besleaten ta ferdieling: elk
in part, sadat it rjocht it wint
foar Israel en Palestina…
ha de naasjes har fersind?
It folk dat tsjinnet noch Jahweh,
wit neat mear fan de Sinaï,
de berch fan Mozes en de wet:
‘Do silst net stelle en net moardzje!’
Bloed ferjitte wurket net.
* Foto ‘Palestina en Israel’
maart 4, 2023
fan ûnbekend*
Jeremia
’t Wie winter en foarst Jojakim
siet mei syn pommeranten
om him hinne noartsk te harkjen
nei Jehûdy dy’t de rolle lies
fan skriuwer Barûch , wurden
fan Jahweh troch de profeet.
De wurden yrritearren him
as foarst, fan alle kanten
fielde hy him oantaast yn syn
eare, dus liet hy de rolle part
nei part ferbrâne yn de
fjoerpôt… skuorde ien syn kleed?
Berou wie der net by, syn stim
klonk lûd: ‘Ik jou befel om
skriuwer Barûch op te pakken,
lykas Jeremia de profeet.’
* Foto ‘Fjoer’