Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Falsk byld

Keunst

fan Jacob Backer*

Dêr stiet se mei in spear en skyld,
de helm mei fearren op ’e plasse,
as goadinne fan de wiisheid,
dy’t net strykt mei oarlochsark,
falsk draacht sy út in suver byld.

Dêr stiet se yn it read-wyt-blau,
de kleuren fan de flagge, passend
by it heitelân, dat striidber
is as liuw mei ’t skerpe swurd,
falsk draacht sy út it byld fan frou.

Sy stiet foar elke presidint,
premier mei leechte yn de plasse,
passend by syn eigenwiisheid
om te striden foar de ear,
sy hâldt no ienkear fan sa’n fint.

* Jacob Backer (1608/1609-1651)
Skilderij ‘Allegory op de Republyk’
 

admin

De twadde rolle

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jeremia

Jeremia kriich te hearren
fan de rolle yn it fjoer,
dêr’t gjin wurd fan oerbleaun wie;
hy heinde fan de Heare op
de opdracht foar in twadde rolle
mei mear wurden oer in min bestjoer.

Jeremia kriich te hearren
dat hy nei de kening moast
mei it boadskip fan syn die:
’t ferneatigjen yn lôgjend fjoer,
mar ek dat hy mei gauwens falle
soe as lyk troch ’t swurd fan Babelsk foarst.

Kening Jojakim hat dûbel
witten fan it lôgjend fjoer
dat syn fijân bringe soe,
syn lyk waard foar de bisten foer.

Foto ‘Boekrolle’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum