februari 17, 2023
fan ûnbekend*
Hy hat him hjir nei wenjen set,
Apollo, god fan alle hoeders;
hoede waarden sy troch him,
sadat har neat oerkomme koe
en ek net dy fan Betlehem.
Dy hoeders fielden har gerêst
doe’t hy ynienen nêst de ingel
stie dy’t spriek fan ’t hillich bern,
sadat sy rûnen nei de stâl…
Apollo woe him ek wol sjen.
Hy seach de stâl en skamme him
foar ’t eigen honk, de lúkse timpel
mei syn pylders en in dak
dat eage as in grize bol…
hy kriich as god wol syn gerak.
De hoeders lieten him doe sjen
dat sy it goede foarbyld joegen,
lykas hoeden sy de god:
Apollo knibbele mei har…
syn timpel gie foargoed op slot.
* Foto ‘Timpel fan Apollo yn Kassel’
februari 16, 2023
fan William Etty*
Skieden waard har libben troch de see,
mar koe dy harren leafde keare?
Hero wachte nachts Leander op,
dy’t har mei hert en siel fereare.
As de prysteresse fan it ljocht
hold sy de fakkel yn de hichte,
fielde troch de lea de herteklop,
dy’t sterker wie as al har plichten.
Swimmend hold hy nachts it ljocht yn ’t each
om streekrjocht nei har ta te kommen,
syn kondysje weage nei de top,
wylst rûnom him de brâning skomme.
Op in nacht stiek op in stoarm, dy’t him
syn krêft en har it ljocht ûntnommen
hat, doe stûke ek de herteklop,
sy sprong, is sa om ’t libben kommen.
Foar’t sy noch har lêste siken joech,
koe sy him krûpende berikke,
lei de fingers op syn kâlde hals
en preau it sâlt dat sy opslikke.
* William Etty (1887-1949)
Skilderij ‘Hero en Leander’