maart 11, 2023
fan ûnbekend*
Jeremia
It barde dat it leger
opbriek by Jeruzalem
fanwege farao syn leger,
Jeremia koe wer gean.
Hy wie altyd ynteger,
moast dy deis nei Betlehem
foar saken, ’t gie om de famylje
rie te jaan… in erfenis.
Mar doe’t hy by de poarte
kaam mei sicht op Betlehem,
waard hy ûnskuldich arrestearre:
nei de fijân soe hy gean.
Wat soe hy fierder moatte?
Betlehem wie net it doel…
se ha him yn de kelder smiten:
pine as syn erfenis.
* Yllustraasje ‘Finzenis’
maart 10, 2023
fan ûnbekend*
Wa is de eigner fan Caprera,
in eilân yn de Middellânske See?
It binne folle mear as ien,
sy jouwe har gebiet te lien.
De geiten swalkje oer it eilân
en swermen fûgels fleane oer de see,
dêr tilt it fan de fisken op,
it bisteryk stiet oan de top.
It tilt net op fan de bewenners,
wol tille sy swier oan har bisteryk
en jouwe de toeristen rie:
‘Ferbliuw hjir sa’t it altyd wie.’
Wa’t eigners binne fan Caprera,
it eilân yn de Middellânske See?
It binne bisten, mannichfâld,
foar dit gebiet is ’t in behâld.
Foto ‘Caprera’ (Italië)