Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Bestimd bestean

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jeremia

Jeremia kriich de opdracht
om de Rekabiten wyn te jaan,
it barde yn de timpel fan de Hear.

Mar gjin Rekabyt woe drinke
fan de wyn, foar him wie dit gjin dwaan,
in foarfaar hie it elkenien ferbean.

Rekabiten hiene oars net
as har tinten, hiene ek gjin grûn
of wyngerd, ’t wie foar har in earm bestean.

Jeremia moast dit libben
oan Jeruzalem as foarbyld jaan:
it hâlden oan de wurden fan de Hear.

Rekabiten krigen wurden
fan de Hear om harren goed te dwaan
fan heit op soan yn sa’n bestimd bestean.

Foto ‘Tinte’

admin

Apollo en it bern

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Hy hat him hjir nei wenjen set,
Apollo, god fan alle hoeders;
hoede waarden sy troch him,
sadat har neat oerkomme koe
en ek net dy fan Betlehem.

Dy hoeders fielden har gerêst
doe’t hy ynienen nêst de ingel
stie dy’t spriek fan ’t hillich bern,
sadat sy rûnen nei de stâl…
Apollo woe him ek wol sjen.

Hy seach de stâl en skamme him
foar ’t eigen honk, de lúkse timpel
mei syn pylders en in dak
dat eage as in grize bol…
hy kriich as god wol syn gerak.

De hoeders lieten him doe sjen
dat sy it goede foarbyld joegen,
lykas hoeden sy de god:
Apollo knibbele mei har…
syn timpel gie foargoed op slot.

* Foto ‘Timpel fan Apollo yn Kassel’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum