Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Fallen

Keunst

fan Wyndham Lewis*

Wannear’t de bommen falle,
hâldt de himel dat net tsjin,
dus brekt de ierde iepen,
weaget as de brâning nei
oant alle hollen bûgje.

Wannear’t soldaten falle
nei’t de hollen bûge ha,
wa kin dan langer sliepe?
Eagen wolle net mear ticht
en kinne inkeld stoarje.

Wannear’t de jûntiid falle
sil, stean trije noch te sjen,
wa kin it bloed begripe
dat noch altyd weaget nei
lykas op ’t strân de brâning.

* Wyndham Lewis (1882-1957)
Skilderij ‘In batterij bombardearre’

admin

Boekrolle as tolk

Bibelbylden

fan Gustave Doré*
Jeremia

Jeremia kriich de opdracht
op te skriuwen wat de Heare sein
hie yn de rin fan jierren
dat er tsjinne as profeet
om sa de grime fan de Hear
te kearen oer de misse dieden
dy’t se hiene by de ein.

Jeremia rôp doe Barûch
en diktearre oan him wurd foar wurd,
dy’t op in rolle kamen,
joech dêrnei de opdracht om
de wurden foar te lêzen yn
de timpel, want de misse dieden
fan it folk dy wiene grut.

Barûch lies doe alle wurden
foar op festeldei oan ’t hiele folk
sa lûd dat elk it hearre
koe, de wurden kamen ek
as diggelfjoer yn it paleis
by pommeranten mei har dieden…
waard de rolle sa Gods tolk?

* Gustave Doré (1832-1883)
Yllustraasje ‘Jeremia diktearret’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum