maart 27, 2023
Dôf foar de maitiidsrop
stiet sy al jierren statysk,
getten yn de hurdste stien,
hoewol’t stôkblyn foar kleur en fleur,
ropt sy ta aksje op.
Sjoch nei myn maten yn
de flecht, net yn de greiden
mei it grienste Ingelsk raai,
al jierren sûnder kleur en fleur,
dat feest wie lang ferlyn.
De boer as maat fan mear
en mear mei megastâlen,
folge sa de maatskippij,
fûn fûl natoerprotest geseur,
wie mei de stikstof klear.
Dus stiet de strânljip op
ien poat, as akrobatysk,
mar de twadde is fergien,
de snaffel hat noch amper kleur…
wa heart no noch syn rop?
maart 26, 2023
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Wêr’t de earste minske berne is,
yn Azië of Afrika?
De wittenskip siet mei de fraach
oer evolúsje, lang ûnwis.
Java kriich it earsteberterjocht
nei ’t finen fan in hollekrún
en ek in bonke fan it bil,
mar hat de fynst de skeakel brocht?
’t Is de skeakel tusken aap en mins
dy’t foar it witten wichtich is,
de Javaminske rûn rjochtop
en naam as aap bytiden lins.
Apen wiene ek yn Afrika
en skeakels yn noch earder tiid
nei minsken dy’t no noch bestean:
’t gie op de wittend homo ta.
Wêr’t de earste minske berne is?
Miljoenen skeakels troch de tiid
ferbine minsken mei in aap,
dat witten is net mear ûnwis.
Tekening ‘Fynsten op Java’
Rekonstruksje ‘Javaminske’