Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Skiep yn wolvehûd

Lyrysk Deiboek


De Frije Noarder Ploech
hat frijheid yn it findel
foar himsels en elkenien,
foar minsken en foar dieren,
wa’t sa praat, wurdt wol ferstien.

It praat giet oer de wolf,
mar Frije Noarder Praters
sprekke ek de wolven oan
en freegje wat sy fine
fan diskusjes op ’e toan…

… fan sjit dy bisten ôf,
foar moard stiet eksekúsje
op it allerearste plak,
it lêste binne stekken…
jou de wolf nea syn gerak!

De Frije Noarder Ploech
mei frijheid yn it findel
foar de minsken en elk dier
heart alle wolven gûlen:
eksekúsje giet te fier!

Dus prate Ploech en wolf
ôf dat de skiep yn hûd fan
fijân wolf ek bite yn
de strôte fan de wolven…
wat is werklikheid, wat skyn?


admin

Misdiedich ferdield

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

It lân dat iuwen hearske oer
de weagen, ek de heale wrâld
syn wil op lei, hold net mear stân:
koloanjes waarden nije steaten,
oerbleau inkeld Ingelân.

Twa folken yn in smel gebiet
mei rjochten, nij of al hiel âld,
mei mieningen, folslein ferdield,
fan Israel en Palestina,
wat as ûnrjochtfeardich fielt.

Tal naasjes yn in hecht ferbân
besleaten ta ferdieling: elk
in part, sadat it rjocht it wint
foar Israel en Palestina…
ha de naasjes har fersind?

It folk dat tsjinnet noch Jahweh,
wit neat mear fan de Sinaï,
de berch fan Mozes en de wet:
‘Do silst net stelle en net moardzje!’
Bloed ferjitte wurket net.

* Foto ‘Palestina en Israel’



Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum