maart 12, 2023
fan ûnbekend*
As dochter fan in toskedokter
liet sy har gebit faak sjen,
omdat it libben har talake
mei de eigen takomstbylden,
fan de kreaste manlju wie sy fan.
Mei sechtjin jier op eigen skonken,
dy’t der wêze mochten as
de tosken dy’t fan wille blonken,
krekt geskikt foar eigen bylden
op it wite doek, dêr gie sy los.
In ingel middenmank Hell’s Angels,
sa liet sy har himelsk sjen
as filmstjer, wis fan eigen sjarme,
sekssymboal yn oare bylden,
manlju rekken troch har spul ferlern.
Yn seis jier bûn sy trije manlju
oan har wûnderlike lea,
belibbe sa reëel de leafde,
mar har lichem brocht ek bylden
mei dy’t sprieken fan har iere dea.
* Foto ‘Jean Harlow’
maart 11, 2023
fan ûnbekend*
Jeremia
It barde dat it leger
opbriek by Jeruzalem
fanwege farao syn leger,
Jeremia koe wer gean.
Hy wie altyd ynteger,
moast dy deis nei Betlehem
foar saken, ’t gie om de famylje
rie te jaan… in erfenis.
Mar doe’t hy by de poarte
kaam mei sicht op Betlehem,
waard hy ûnskuldich arrestearre:
nei de fijân soe hy gean.
Wat soe hy fierder moatte?
Betlehem wie net it doel…
se ha him yn de kelder smiten:
pine as syn erfenis.
* Yllustraasje ‘Finzenis’