Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Under it ferwulft

Keunst

fan Hendrick van Steenwijck de Jonge

Wat is der better as de sliep
mei ’t byld fan altyd ûnderdak,
in dream, mar net de werklikheid,
sy ha foar ien nacht plak.

Sy binne fan de strjitte pikt,
omdat sy pikt ha fan in oar,
want honger is har werklikheid,
dêr binne ’t bidlers foar.

Gjin gastmiel strykt har by ’t ferwulft
lâns, ticht is dei en nacht de doar,
dat is de soere werklikheid,
dêr binne ’t riken foar.

Sy sliepe ûnder it ferwulft
nei’t har ferwulft fernaam it brea
dat soer preau as de werklikheid:
foar ien nacht drûge lea.

* Hendrick van Steenwijck de Jonge (sirka 1580-1649)
Skilderij ‘Sliepende manlju ûnder it ferwulft’


admin

Petear mei kening Sedekia

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jeremia

Lang siet Jeremia finzen
sûnder nijs fan foarst of God,
wat koe hy noch betsjutte,
swier wie sa syn lot.

Op in dei rôp Sedekia,
kening yn Jeruzalem,
de finzene nei boppen
mei in fraach oan him.

Sedekia:
Hast in wurd heind fan de Heare,
jou it daliks oan my troch.

Jeremia:
Ja, jo kinne ’t lot net keare,
Babelsk kening wachtet noch.

Sedekia:
Wat soe ik fan dy ferwachtsje,
dy ha ik al moannen troch.

Jeremia:
Hoe kin ik de kening achtsje,
yn dy kelder sit ik noch.

Sedekia:
Myn profeten lieten witte,
Babelsk kening falt net oan.

Jeremia:
Lit my net ûnskuldich sitte,
jo ferlieze grif jo troan.

Wer siet Jeremia finzen,
mar ien bôle kriich er deis,
wat koe hy noch betsjutte
sûnder brea en nijs.

* Yllustraasje ‘Kening Sedekia’




Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum