april 8, 2023
fan ûnbekend*
Gjin minske wist noch fan de moard
doe’t tachtich man nei ’t suden kamen
mei teskuorde klean en ôfskeard burd
om offers oan de Hear te bringen,
sy fertrouden op Gods wurd.
Mar moardner Jisjmael hie neat
mei ’t wurd, hy liet syn falske triennen
rinne, dat er te fertrouwen wie,
doe brocht er santich man om ’t libben,
bluodderich sa’t bliken die.
Tsien kochten Jisjmael mei ’t wurd
om foar in foarrie koarn en huning,
weet en oalje, wylst de liken fan
de oare santich smiten waarden
yn in put, ’t wie neffens plan.
* Tekst ‘Jeremia 41 fers 7’
april 7, 2023
fan ûnbekend*
Cocos, eilân lizzend
yn de Stille Oseaan,
dyn natuerlik plak,
ek swijend follesizzend.
Om dyn wêzen hinne
swimt de mânske hammerhaai
mei syn stille klap
lit hy syn namme kenne.
Op dyn hichten springe
wite weagen oer de rots,
kommend yn de fal
om duorjend lûd te bringen.
Cocos, sjong fan wille,
want natuerlik is dyn byld,
follesizzend bliuwst
de lûde, soms de stille.
* Foto ‘Cocos by Costa Rica’