maart 18, 2023
fan Ernst Alt*
Jeremia
Jeremia spriek Gods wurden:
Falle sil Jeruzalem
yn hannen fan de foarst fan Babel,
wa’t bliuwt, komt om troch oarloch,
honger en de pest, wa’t oerrint nei
de fijân, sil yn libben bliuwe,
dit is wat de Heare sei.
Ek de hege hearen sprieken:
Harkje, kening, net nei him,
mar lit dy keardel hjoed noch stjerre,
syn praat benimt de moed fan
’t folk en alle mannen yn de striid,
dus lit him net yn libben bliuwe,
want it is de heechste tiid.
Sedekia spriek as kening:
Yn jim hannen jou ik him,
want wat kin ik tsjin jim begjinne
no’t wy neat oars mear kinne?
Jeremia is bedarre
yn de bak djip yn de grûn,
dêr’t hy yn ’t goare slyk weisakke;
in bûtenlânske eunuch
hat oan de profeet wer útsicht jûn.
* Ernst Alt
Yllustraasje ‘Jeremia yn de put’
maart 17, 2023
fan ûnbekend*
Se steane as in beam sa fêst
en ha hiel wat oerlibbe:
de lavastream fan de fulkaan
dy’t gloeiend nei de flakte rûn
en yn de sâltsee ’t fjoer ferlear…
no ha sy einlings rêst.
Har útsicht is it blinkend sâlt,
dat oerbleau nei ’t it wetter
ferdampte, ’t gie lykas it fjoer
ferlern, dat wie no twa kear sa,
it sâlt bleau lizzen, die net sear,
dus wie ’t foarútsicht… âld.
Fan dieren hiene sy gjin lêst,
dy wiene bang foar stikels
en libben net fan bitend sâlt,
gjin bist bleau op dy hichte oer,
de kaktus wie dus net de bear,
sa mei elkoar gie ’t bêst.
Foto ‘Isla Incahuasi yn Bolivia’