Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Paad foar de geast

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Wêr fiert it paad de minske hinne
dêr’t de brêge al foar leit
dy’t him behoedet foar de stream,
dêr’t troch de tiid de rots troch sliet…
wat hat hy hjir te winnen?

It giet hjir net om ’t spul te winnen
fan de oar dy’t him net leit,
mar om te libjen yn de stream
fan tiid en romten, ’t âlde liet
fan eins is men allinne.

Dit liet klinkt troch de tiden hinne:
‘Rin de brêge oer en hear
de stream dy’t brûzend fierder rint
as byld foar ’t minskdom om te gean
nei wêr’t de hichten binne.’

Want dêrwei sjocht men ’t wetter rinnen
nei de delte, yn de see,
sa leart men eigen geastkrêft kennen.

* Foto ‘Torres del Paine yn Chili’


admin

Stielen striid

Keunst

fan Pearl Perlmuter*

Hoefolle ûnderdielen
stekke yn de striid
mei kop en skouders
boppe boargers út?

It giet net mear om dielen,
mar om gripen, tiid
om ta te stekken,
boargers binne bút.

Fan stiel wurdt hurd it fielen,
boarjend wiid en siid
troch alles hinne,
boargers bliede út.

Fan ienheid nei ferdiele,
stikken nei de striid,
sakjend yn de grêven…
dea as einbeslút?

* Pearl Perlmuter (1915-2008)
Byld ‘Gefjocht’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum