Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Gedalja oan it regear

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jeremia

Gedalja waard as nije hearsker
oansteld ûnder Babelsk foarst,
yn Mispa kaam er oan ’t regear,
Jeruzalem bestie net mear.

Nei Mispa kamen kommandanten
freegjend hoe’t it fierder moast,
it wie foar har in ommekear,
Jeruzalem bestie net mear.

Gedalja spriek har nije moed yn:
‘Jou jim ûnder Babelsk foarst
mar del, dan komt it grif wol klear,
want wat earst wie, bestiet net mear.’

Wa’t net nei Babel meifierd wiene,
mochten wenje yn it lân
en bringe fan de fjilden gear
wyn, simmerfruchten en noch mear.

Judeeërs kamen út ’e lannen
nei har heitelân werom,
elk seach Gedalja as har hear,
joech him en Babelsk foarst de ear.

Foto ‘Lânskip yn Israel’


admin

Drinke fan gelok

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

It jout in byld fan de natoer:
de mar by Essen mei de beammen,
mar it wie in part fan it gebiet
dêr’t trochrûn de fersmoarge Ruhr.

De Ruhr wie earst de libbensier
fan ’t Ruhrgebiet mei tal fan stêden,
dêr’t se songen it bekende liet:
‘Kom ekonomysk yn it spier.’

De skoarstiens stjitten stoffen út
dy’t stêd, rivier en grûn fersmoargen,
beammen rûsden doe it lijensliet:
‘De dea slacht ta by einbeslút.’

Mar sjoch hoe’t it feroare is:
de tûken bûge om te drinken
fan it wetter dat no sûnens biedt,
’t gebiet is fan syn takomst wis.

De beammen rûzje fan gelok,
want Essen waard de Griene Haadstêd
fan Europa, wat gjinien ûntgiet…
de blêden nimme noch in slok.

Foto ‘Badeneysee yn Essen’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum