september 25, 2016
![]() |
![]() |
![]() |
It dykje tusken spoar en tsjerkhôf, de rûte fan de iere sneintemoarn, bewekke troch de stobbewylgen op âlde skonken, mar noch lang net stoarn, sy skôgje oer wat leit ferdylge troch wrede dea, mar mei it libben byld foar eagen fan har eigen nij begjin… … dat dykje, tusken lûd en stilte, … it glimkjend antlit kommend tusken ’t grien |
september 25, 2016
![]() |
![]() |
![]() |
Wy reizgje nei it suden om lân en see te sjen, as pake fol ferwachting fanwege Jesse, bern fan acht en tûk op lûden fan treinen tagelyk fan Starum en fan Ljouwert mei as bestimming Snits, mar net foar ús, want fjouwer stasjons besjogge ’t lân, it fiifde leit oan ’t wetter en mei myn sûn ferstân sjoch ik nei bernsbern Jesse, ferwachtsjend dat er ryk fan alle bûtenlessen weromkomt yn stêd Snits, mar Jesse wit wol better: hy lêst de lêste Spits. |