mei 1, 2023
Sy hat de put derút
nei trije swiere wiken
fan ferwachting dei en nacht
mei tuskentroch in oerke sliep…
in twilling sa docht bliken.
Hy hat syn plicht ek dien:
húsholden en foar iten
soarge, fierder hold er wacht
mei tuskentroch in oerke sliep…
it wie in drege rite.
It komt der no op oan:
de twilling moat opfieden
wurde, âlders jouwe acht
op hoe’t de bern troch ’t libben gean,
’t komt oan op begeliede.
De koppen byinoar,
want âlders wolle lûke
rjochte streken, wat dan slacht
op hoe’t de bern troch ’t libben gean,
op swimme en op dûke.
april 30, 2023
fan ûnbekend*
In pinne dy’t syn namme krige:
biro, want hy fûn dat skriuwark út;
de inket foar syn oare pinne
floeide út fan flek nei flek nei flek,
dat lûd ferflokte hy sa’n rige.
Hy liet him net oan ien fak bine,
joech him út foar keunstner en koereur,
as sjoernalist moast hy de pinne
brûke, kûgelsk waard er fan in flek,
dus moast er rap wat oars útfine.
In lytse kûgel yn de pinne
dy’t de inket rôlet oer ’t papier,
soe trochgeand foar de trochbrek soargje,
nea wer siet de skriuwer mei in lek,
hy liet it kûgeltsje mar rinne.
Hoewol’t patint syn fynst beskerme,
joech it kûgeltsje him ’t measte net,
hy moast de kost mei ’t oare winne.
* Foto ‘Ladislao Biro en tekst’