Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Aktueel byld

Lyrysk Deiboek


It byld ropt op de Swarte See,
griis is de Middellânske
dy’t tsjûge is fan ’t lege lân
as middel foar’t ultime doel:
gjin grûn mear foar dit folk.

It byld ropt op in swarte steat,
bekend mei konsintraasje
fan folk dat yn in kamp
bedarret foar ’t ultime doel:
folsleine massamoard.

It ljocht is justjes mear as neat,
brekt troch de dize hinne,
ropt op ta aksje foar
it rjocht op frede yn it lân
fan ’t folk op eigen grûn. 

admin

Nei de djipte

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

In minske dûkt net djipper as
tsien meter ûnder wetter,
hat al gau ferlet fan lucht,
sadat er boppe komme moat,
oars rûzet rap syn lêste sucht.

In minske stribbet djipte nei,
wol dat syn geast it better
docht as wat it lichem kin,
dus makket er in batyskaaf
om yn de djippe see te sjen.

De ûndersiker yn de bol
giet mei it driuwlichem de
djipte yn, sa tsjuster as
de nacht wie dêr in neare sfear,
dochs kamen doe de feiten los.

Op alve kilometer djip
wie noch wol libben mooglik,
nettsjinsteande druk en nacht
dy’t hearsken sûnder djippe geast
dy’t slacht op ’t faaie libben acht.

* Yllustraasje ‘Batyskaaf’
 


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum