Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Op ‘e foto

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Se sizze dat ik lang wurd,
noch grutter as ús heit,
dan kinsto seeman wurde,
dat is wat pake seit
as plakferfangend dreamer
mei sicht op ’t hurde feit
fan himelhege skippen,
dêr’t hjoed de reis om draait
nei fiere kontininten
mei noard- of súdpassaat,
gjin lêst fan konkurrinten,
behalve in piraat
dy’t tusken steile klippen
syn skoener brûzje lit,
mar do, myn grutte skipper,
bist dei en nacht paraat
om yn it want te klimmen
en hoesto nei him swaaist
mei swurd of dolk sa’t nimmen
dy neidwaan kin… wat seist…
do wolst hjir net wer hinne,
mar wachtsje, want do meist
wol nei it wetter rinne
en ast dy dêr omdraaist,
sil ik in foto nimme…
… ja, kom mar, hjir stiesto,
wat seist… do sjochst net wêre,
te lyts seist, hoesa no,
ast goed sjochst, stiesto dêre.

Image

admin

Driuwsân

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De heuvels lizze ûnder seil
dat oaljegrûn gjin each mear lûkt
of noas dy’t snuvend rûkt, ferslaafd
oan autodynamyk, it heil
dat elke globalist beskaaft,
mar sjoch, wat bart as oaljegrûn
op heapen komt nêst wetterlân,
dêr’t libben ark syn iten fynt
en ’t as fergees parkearplak brûkt,
dan rekket men yn driuwsân.

Image

En as de heuvels reitsje plat,
it driuwsân wurdt ta fêste grûn,
de basis sûnder bult of gat
foar asfalt dat mei streek en fak
feroaret yn in plak foar wat
de autoglobalist beslist
him winsket, dan ferfalt it plak
dêr’t libben ark beskutting fûn
en nettsjinsteande men it wist,
feroaret lân yn driuwsân.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum