Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Memmen

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

‘Rich Lake tusken beammen
dy’t weagje oer de bergen hinne,’
sa waard songen yn de steat New York,
mar en bosk, twa ierdske memmen.

Sa woe stammem Ierde
ha, libje ûnder jim heit Sinne,
lykwicht is ’t paroal yn de natoer…
koe it minskdom dat ek biede?

Beammen waarden kappe
om foar ’t bouwen hout te winnen,
wat it lykwicht mei de mar ferbriek,
beide memmen krigen klappen.

Poer wie stammem Ierde
op minsken dy’t net bouwe kinne
sûnder ôf te brekken de natoer
dy’t de steat mei beammen sierde.

Mar it byld feroare
mei ’t plantsjen om sa wer te winnen
bosk, de mem fan fûgels yn de beam,
fisken sprieken oan de oare.

‘Rich Lake tusken beammen
dy’t weagje oer de bergen hinne.’
Mar en bosk besongen de natoer
as in koar fan tûzen stimmen.

* Foto ‘Rich Lake yn de steat New York’
 

admin

Neat te gek

Keunst

fan Nicolaes Berchem*

De lytse Zeus is rêden
út heit Chronus’ grutte bek,
dy’t al syn bern opfrette woe,
sa’t goaden altyd roppich binne
nei wat it minskdom biede kin…
foar in god is neat te gek.

Mem Rhea hat him rêden,
op berch Ida kriich er plak
by Adrastea, dochter fan
de kening, fiedend om him hinne
mei molke fan de golle geit,
sa kaam Zeus oan syn gerak.

In faun koe him goed rêde
mei it melken fan de geit,
foar Zeus it foarbyld fan de man
en goaden dy’t fan alles kinne,
sa waard hysels de heechste god,
fan mannichien ek heit.

* Nicolaes Berchem (1620-1683)
Skilderij ‘De opfieding fan Zeus’


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum