Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Keunstwurk

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Hoe is ús ferline kleure
ienentritich jierren lang
mei withoefolle folle dagen
altyd kleurich yn de rang
fan read nei pears, mar wa sil keure
de skakearrings yn ’t palet
dy’t hiel it libbenskeunstwurk drage,
frij fan dogma, lear of wet.

Do hast tinten faakris mongen,
wie it swart, do kleurest by
en liet it wyt him net ferdrage,
dan besochtst dat neat foar my
mei leafderead yn ’t lyk te sjongen,
lit my dêrom hjoed foar dy
myn leafderead foar dau en dage
stim jaan, want sa libje wy.

Image

< Foar
admin

Ketter

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hy set syn rûte út yn ’t wetter,
graaft syn wenning yn de grûn,
is net oan eleminten bûn
en libbet as in ketter
dy’t oantaast wat de minsken bouden:
fûneminten foar har striid
tsjin stoarmjend wetter troch de tiid,
de dyk dy’t se fertrouden.

Hat God it lân ta wêzen roppen,
Friezen skoepen sa de dyk
dat weagen woene wol omlyk
en ’t libben bleau derboppe,
mar doe’t har skepping folle letter
oantaast waard troch gat en gong,
ferdronken se op stel en sprong
mei ’t flaggeread dy ketter.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum