juni 22, 2023
fan Aleksey Savrasov*
De moarntiid skampt oer de rivier,
dy’t foar ’t gefoel ek wekker wurdt,
mar him neat oanlûkt fan it tsjuster,
dat de stream net keare kin,
de Wolga wurket dei en nacht,
hjoed likegoed as juster.
De fisker is ek altyd ier
derôf en bûten foar syn wurk
om op te heljen njoggen netten,
trije kear de Wolga op,
sa nimt er ’t lokkich lot yn acht,
hy skriuwt syn eigen wetten.
De riemen skriuwe sin nei sin
op ’t wetter fan syn brea-rivier,
de netten drippe tritich stippen;
foar de fisker smyt it op
de ienheid mei de brede stream…
gjinien kin dêroan tippe.
* Aleksey Savrasov (1830-1897)
Skilderij ‘Ier yn de moarn. Wolga’
juni 21, 2023
fan ûnbekend*
Ezechiël
Ik hearde: ‘Minskesoan oerein,
Ik sprek dy krêftich oan!’
Mei’t Hy my oanspriek kaam in geast
oer my, dy holp my doe oerein.
‘Do minskesoan, Ik stjoer dy nei
’t oerhearrich folk dat tsjin
My yngien is, sa gie it mei
har âlden ek oant hjoed de dei.
Yn har fermidden bist profeet,
Ik sis dy, wês net bang
al sitst ek op in skorpioen
en bringe toarnen dy yn need.
Wês net oerhearrich, minskesoan,
lykas ’t oerhearrich skaai,
hear nei wat Ik te sizzen ha
en nim it wurd foar wurd hjoed oan.’
Ik seach in hân, joech dêrop acht
en op in rôle, ’t boek
fol skreaun op foar- en achterkant:
kleilieten, jammerklacht nei -klacht.
* Yllustraasje ‘Profeet Ezechiël’