juni 24, 2023
fan ûnbekend*
Ezechiël
Ik hearde: ‘Minskesoan, yt op
watsto hjir foar dy sjochst
en sprek it folk fan Israel
dan oan, lûd klinkt foar har de rop.’
De mûle die ik Iepen, iet
my oan de rôle sêd
fan wurden foar folk Israel,
as huning smakke dy, sa swiet.
Ik hearde: ‘Israel, dyn folk
sprekt net in frjemde taal,
ferstiet wat op de rôle stiet,
do rêdst dêrmei, hoechst net in tolk.’
Ik kriich fan God in hurde kop,
lykas in diamant,
in hurde kop hie ek it folk,
dêr moast ik spikerhurd tsjinop.
Ik hearde: ‘Minskesoan, gean no
nei ’t folk yn ballingskip
en sprek dyn lânslju moedich ta,
Ik rôp dy, myn profeet bisto!’
In wynpûst tilde my doe op,
ik hearde ek gerûs,
kaam by it folk yn ballingskip,
myn kiel siet ticht as troch in prop.
* Yllustraasje ‘Ezechiël yt de rôle’
Glês-yn-lead yn de Sainte-Chapelle te Parys
juni 23, 2023
fan ûnbekend*
Lit yn de nacht it each gean
oer de makrokosmos
en men sjocht it stjerreljocht,
dat trochkringt yn it inerlik,
sadat men wjukken krijt
en nei de stjerren fljocht.
Lit my nei Bali fleane,
lânje tusken heuvels
yn it kleare sinneljocht,
dat trochkringt yn it inerlik,
sadat ik fuotten krij
dy’t nimme bocht nei bocht.
Lit dan by dei myn each gean
oer de mikrokosmos
en ik sjoch de fjilden oer,
al rinnend kom ik op ’e wjuk
en flean oer ’t bochtich paad,
al skôgjend de natoer.
Foto ‘Campuhan Ridge Walk op Bali’