Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Hongermiel

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Ezechiël

Minskesoan, nim weet en koarn
en ming dêr spjelt en earte by,
dit oarlochsbrea silst ite
wylsto op ’e side leist;
wês sunich ek mei wetter,
brûk ien liter op in dei,
yt en drink, it folk sjocht dit miel oan.

Doch dyn iten yn in pôt
en bak op drûge minskedong,
it wurdt in drege rite.

God, myn Hear, ik sjoch ’t my oan,
want minskedong is dochs ûnrein,
ûnrein ha ik nea iten.

Minskesoan, do witst it skoan,
dus bak it miel op kowedong,
sa’n miel sil dy net spite.

Op ’e nij klonk doe de stim:
Ik meitsje dat der krapte komt,
it folk sil dan ek ite
watsto earder iten hast,
it tapet bang it wetter
ôf, it is der glêd mei oan…
honger hearsket yn Jeruzalem.

* Yllustraasje ‘Ezechiël bakt syn hongermiel’


admin

Salzkammergut

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

It grien-blau sprekt fan bosk en wetter,
bergen rize fier de hichte yn
en sizze neat oer wat dêrûnder leit,
mar wa’t wat djipper graaft, wit better.

It wetter kin men feilich priuwe,
smakket swiet lykas yn elke mar,
mar hoe’t it yn de âldste tiden wie?
Doe sweefden boppe see de miuwen.

De see kaam fierder as tsjintwurdich,
fierde sâlt en ek de miuwen mei,
de miuwen yn de loft, de grûn fol sâlt,
dat graven wie de muoite wurdich.

Salzkammergut, natoer en minen,
beide ha te krijen mei de smaak:
it priuwen fan it sâlt… bosk, berch en mar,
sa kin men alles goed ferbine.

* Foto ‘Salzkammergut yn Eastenryk’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum