Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Gefoelige skieding

Lyrysk Deiboek


Sjocht de boer it net mear sitten,
sil er stikke yn it stof,
dat waait de griene greiden oer
dêr’t gjin blom is te bekennen,
dan sjocht er him net mear as boer.

’t Spul giet oer yn oare hannen,
elke hân krijt dan in part,
de grinzen wurde fier ferlein,
sá dat parten skieden wurde,
de grûn wurdt wei troch kraan en wein.

Sjocht de boer werom op earder,
tagelyk nei hjoed de dei,
dan slacht it hert sân slaggen oer,
stof genôch om yn te stikken,
hy is gefoelich as eks-boer.


admin

Op ‘e loop

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

It hat wat fan in rage
sa’t sy steane op ’e loop,
dy’t har maklik hâlde kin,
se gean foar nimmen op ’e loop…
dy hâlding is mar kamûflaazje.

Ha sy de wrâld yn flammen
sjoen of witte sy noch net
wat meikoarten barre sil?
Klear leit it kamûflaazjenet,
west hat it ôfskie fan de fammen.

Lit bolderje kanonnen
mei it boadskip fan it fjoer
dat fan binnen yn ús brânt;
de fijân sjocht it lôgjend fjoer,
wy ha de sege al yn hannen.

It hat wat fan posearjen
fan soldaten mei de moed
om te stjerren yn de striid,
mar wat ek wâlet yn it moed,
is wat sy leaver kamûflearje.

* Foto ‘Posearje op ’e loop’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum