juli 16, 2023
fan ûnbekend*
As maten út ’e sleurgong brekke
fan de dei dy’t neat te bieden hat,
dan folgje sy de oer-natoer
fan jagers op it grutte wyld
en sjoch wat sy ûntdekke…
… in gat dat maten djipper fiere
sil as nei wat sleur te bieden hat:
de bylden fan de oer-natoer,
de prehistoarje mei it wyld
dat libbe doe op ierde.
De maten ha ’t ferline rekke,
meitsje oan de wrâld de jacht bekend;
histoarysk is de bûnte bút
fan bisten op ’e hurde rots,
in spear stekt nei de nekke.
It folk, dat ek op wylde dieren
jeie wol, ferskynt massaal op ’t plak
dêr’t jagers bylden bisten út;
ûntsnappe as grut risiko
liedt ta in stop ynfiere.
* Yllustraasje ‘Dieren fan Lascaux’
juli 13, 2023
fan Henri Ottevaere*
It klimaat fan ûndergong
hat iuwen oer de ierde ware,
foar de minske tsjusternis,
foar dieren fûn er soks gewoan,
dy sprieken him dêr net op oan.
Resint yn sicht kaam it klimaat,
net inkeld mei in minskeplasse,
ek dy fan it bistefolk
begûn te sprekken skril fan toan
en spriek dêrmei it faaifolk oan.
It rûn nei tolven foar it folk
dat iuwenlang de wrâld fersmoarge,
hjitter makke troch syn dwaan
en litten oant it deagewoan
waard dat it gie op stjerren oan.
* Henri Ottevaere (1870-1944)
Houtskoaltekening ‘Stillibben’