juli 24, 2023
It spoarde net mear op ’e rails,
sadat gjin reizger arrivearre
troch ynflaasje foar it folk
dat nei de heechste bonus socht,
it waard te leech wurdearre.
Lûk út it grint de beide rails,
sadat de treinen net mear ride
kinne, ’t oerlis is ûntspoard,
wat prorail rap yn aksje brocht,
wa’t foar is, lit dy stride.
Men lûkt troch it bestean in spoar,
dat meastal ôfwykt fan streekrjochte
banen, passend by it folk
dat foar it rjocht op takomst striidt,
dêr’t foarfaars ek foar fochten.
juli 23, 2023
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Hoe komt it as de fijân komt
en mei geweld it lân beset,
kin dan it folk him noch wol rêde?
It bliuwt yn eigen doarp of stêd
en suchtet ûnder fijâns wet.
Hoe komt it mei de keningin,
de heechste mem fan hiel it lân,
kin dy har bange bern noch rêde?
Sy flechtet oer de wide see,
ferbrekt dêrmei de hechte bân.
Hoe komt it mei de kening fan
har buorsteat súd fan Nederlân,
as heit kin hy it ek net rêde,
mar bliuwt wol by syn bange bern,
hoewol’t dêr hearsket moard en brân.
It komt grif hoe’t men dêrnei sjocht:
it risiko fan hjir of dêr,
it sicht op wat men hjir noch rêde
kin of op ôfstân stjoere kin…
en nei de oarloch bist in stjer.
* Foto ‘Keninginne Wilhelmina’
** Foto ‘Kening Leopold III’