Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Bistestriid

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

It wie bysûnder, op ‘e nij
kriich Daniël in fisioen:
yn ’t gea fan Elam by it wetter
stie in raam, net oan in regel bûn,
sloech hy de bistewrâld tepletter.

Image

Doe fleach him oan in geitebok
dy’t út it fiere westen kaam
en mei syn hoarn begûn te stjitten,
dat ferwâde waard de rûge raam,
hy koe him mei de bok net mjitte.

De bok syn hoarnen stjitten ta
nei alle streken fan de wyn,
en nei de stjerren, sels dêrboppe,
sloech wat hillich wie de delte yn…
wa koe ’t grouwélich bist noch stopje?

It wie de fraach fan Daniël
wat raam en bok betsjutten
en sjedêr de ingel Gabriël:

‘Dy bisten binne wrâldske machten:
Meden, Perzen, Grikelân,
dy’t mei geweld regeare,
stribje sels noch hegerop;
de Alderheechste brekt de bân,
oan Him komt ta de eare.’

* Ut ‘Bijbelenzo’
Yllustraasje ‘Fisioen fan de raam en geitebok’   

admin

Hillige hearskippij

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Image

Wat boadskip joech it fisioen
oer bisten yn de neare nacht?
It wie foar Daniël benearjend
oant in wize sloech op ’t eangstbyld acht,
hy hat dêroan betsjutting jûn:

De fjouwer bisten steane foar
de foarsten út op ear en macht,
de fjirde kening lit him jilde
mei geweld de hiele dei en nacht,
syn hearskippij is mear as bar.

Mar ’t rjocht jildt foar de hilligen,
oan dy komt ta de hearskippij,
har keninkryk giet troch de tiden,
de benearing is foargoed foarby,
de bisten ha de macht ferlern.

* Yllustraasje ‘Fisioen fan de fjouwer bisten’
Ut ‘Bijbelenzo’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum