Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ideaal útsicht

Keunst

fan Andrew Wyeth*

It útsicht is it ideaal
dat oanlûkt nei de fierte ta:
in hûs om rêst te finen,
mar fierderop de flakke kym…
de flecht út it ferline.

Sy sleept noch mei har mank ferhaal,
krûpt stadich nei de fierte ta
om dêrnei út te rêsten
en stiet har libben goed op rym,
dan giet sy foar it bêste.

Har jong bestean op grutter skaal
stiet op lykas har namme seit:
Christina sil no fine
it útsicht sûnder noch de skym
fan slepe mei har pine.

* Andrew Wyeth (1917-2009)
Skilderij ‘De wrâld fan Christina’



admin

Ingels mei tsjillen

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Ezechiël

As minskesoan stie ’k by de timpel,
seach de ingels ûnder it ferwulft,
dêrboppe riisde op in troan
mei Gods hearlikheid as wolk
dy’t daliks dreau de foarhôf yn,
ik seach dit alles swijend oan.

Mar doe’t ik opseach, wie ’t net alles:
fjouwer ingels hiene elk in tsjil,
dêr’t noch in lytser tsjil yn siet;
elkenien hie in gesicht
fan ingel, minske, liuw en earn,
ik seach dêrnei en hold my stil.

Doe waard ik kjel, want út ’e timpel
fleach Gods hearlikheid ynienen fuort,
de ingels wjukken mei de Hear,
folge troch de tsjillen yn
de draai, ’k seach ek in minskehân,
nei dizze bylden kaam neat mear.

Yllustraasje ‘Fjouwer ingels mei tsjillen’


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum