augustus 18, 2023
fan ûnbekend*
De skepping is hjir stûke
foar de sechde dei:
wêr lit de oaljefant him sjen,
sjocht men de apen klimmen
of de kop fan in sjiraf?
Gjin mins sil yn dit lânskip
út ’e mar opdûke.
Dochs is it stille wetter
grien, in teken fan
de hoop dat dit is net de ein:
it is al te fernimmen
dat de kop fan de sjiraf
ynienen boppe ’t grien komt,
letter is ’t noch better.
Mar hoe is ’t as de minske
as in frou of man
te sjen is op ’e sechde dei…
de ein fan alle winsken?
* Foto ‘Taisho-fiver yn Japan’
augustus 17, 2023
fan Anton Mauve*
Allinnich op ’e wrâld,
hjir sûnder heit en feint,
sy moast it fan him leare,
want soannen hie er net,
sy wie noch jong en hy te âld.
Dus moat sy it wol dwaan,
allinnich derfoar stean
en wylde bisten keare;
Jehannes is der net,
sy woe hy soe syn slach hjoed slaan.
Har selskip is de hûn,
dy slacht by ûnrie oan
en wisket by de keppel
lâns, mar hy is der net
dy’t juster om har hinne rûn…
… as hoeder fan ien skiep,
sa kaam it op har oer
doe’t hy sloech mei syn kneppel
de keutels útinoar,
wol stom dat hy de kâns net griep.
* Anton Mauve (1838-1888)
Skilderij ‘De hoederin’