augustus 25, 2023
fan ûnbekend*
De mar fan de marmotten,
’t is it eilân dat dy namme jout,
mar gjin marmot stekt dêr de kop op,
’t is de foarm dy’t komt foar eagen,
gjin marmot om djip te wrotten.
Der foel net mei te spotten
doe’t de djipte in benearjend lûd
joech, folge troch in stream fan lava;
yn de krater kaam djip wetter,
’t waard de mar fan de marmotten.
De mar mei alkaline
is foar fisk en plant gjin gaadlik plak
om yn te libjen, gjin marmotten
en gjin libben yn it wetter,
wol de sulver-hjerringslynder.
* Foto ‘Mar fan Cuicocha yn Ekuador’
augustus 24, 2023
fan Hobbe Smits*
De heup as heuvel nei it boarst,
ferburgen noch de ljisken,
hoewol’t it kleed trochskinend is;
fersierd mei al har goud
is sy ien fan de odalisken.
Sy joech har del, wat moast sy oars
as op har beurt lang wachtsje,
omdat sy foar him tsjinje moat
as seksslavin, hy sil
har inkeld om it lichem achtsje.
De geast joech har noch wol it sein
om sels te ûndernimmen,
mar hat sy dêrfoar noch de wil?
Sy leit har del by wat
fertroud is, lit him op har klimme.
* Hobbe Smits (1862-1942)
Skilderij ‘Odalisk’