Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Solist

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Wat is in bist allinnich
mei dy twa ferealen achter him?
Hy heart de hiele dei dy stim
fan bist solist, in blaffend bist,
nee wier, hy is net sinnich.

Image

Sjedêr, al wer in tandem
as twa sielen op ien stielen fyts,
it hiem is harren fierste lyts,
dus fleanend fluch by dy solist
lâns as in team fan standing.

Hy is ynienen sinnich
as er har dêr gnizend sitten sjocht
en wylst de rêch komt yn in bocht,
blaft hy beret as optimist,
ja wier, dan mar allinnich.

Image

admin

Doarpsbyld

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It wie bekend, yn Goaiïngea
soe ’t spul ta libben komme
as in mienskip mei ferskaat,
it gie oer ’t gea mei slaande tromme,
wa woe ha it doarp wie dea?

Image

Ik seach se lizzen moarns noch ier,
wat einen en twa keallen;
wie dit byld dan syn ferskaat,
dan koe it doarp my mear fertelle,
’t lei foar dea as wie it sier.

Image

Sa rûn ik fierder troch de kom
en ’t waard my iepenbierre:
aksje nei it diere-aard
fan kat en hynder dy’t har tjirren,
’t doarpsbyld joech ferskaat rûnom.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum