Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Polityk op Grou

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1998

Image

Wolken, wyn en wetter,
wite seilen skoden oer de kym,
it Grouster skûtsjefeest op rym
koe amper better.

Lit it goed begjinne,
dat fûn Grou en ek it rappe skip,
wat bliken die: in gouden tip…
mar om te winnen?

Berend* liet it hingje,
brûsde mei ’t ferlingde skip foaroan,
seach him al sitten op ‘e troan,
mar Snits soe tingje.

Image

’t Lei him oan it draaien
foar de kop fan Snits, mislearre test,
wat skreaude om in fûl protest,
Grou koe wol swaaie.

’t Soe wat oars ferrinne,
want op ’t Grouster skûtsjefeest op rym
hold Berend foar de finish yn,
dat Snits mocht winne.

* Berend Mink

admin

Trije Lemster skippers

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1998

Image

Problemen op De Lemmer:
Jelle* hâldt der ûnferwachts mei op,
der falt net oer te praten,
nei de lêste finish is it stop,
gjinien hie ’t yn de gaten.

Wa wurdt it op De Lemmer
no dan… Ale** hat it yn de kop,
der falt net oer te praten,
want de SKS seit dit jier stop:
gjin skipper mei twa kaarten.

Image

Gjin skipper op De Lemmer?
Peke Ritsma harket nei de rop
om oer dit jier te praten,
want net meidwaan is foar L in strop,
hy docht it foar syn maten.

Image

* Jelle Reyenga
** Ale Zwerver

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum