september 9, 2023
fan ûnbekend*
Ezechiël
It lân fan molke en fan huning,
fan fjilden mei giel weagjend nôt,
bewenne troch in tankber folk,
dat de Hear dêrfoar fereare…
mar no binne geast en lichem kâld.
It lân is hielendal feroare,
as teken ytsto beevjend brea,
it wetter drinkst wylst sitst yn noed,
want de Hear wurdt net fereare,
dat de honger swalket oer it gea.
As minskesoan hast dit te sizzen:
it folk yt brea mei noed en soarch,
drinkt wetter wylst it dêrfan griist,
want it lân leit der ferlitten
by, foar ’t folk is dan de Hear gjin boarch.
Yllustraasje ‘Bôle foar Ezechiël’
september 8, 2023
fan ûnbekend*
Sa is ’t mar krekt,
de jûn komt nei de dei,
juist gaat de zon hier onder,
sicher, die Strandkörber sind nun leer…
gjinien dy’t hjir syn taal ferbrekt.
Juist is mar smel,
fiifhûndert meter, mar
wol santjin kilometer
lang, wa’t yn in strânstoel sit, is klear
om te genietsjen mei bleat fel.
Wannear’t de floed
komt op, dan is it as
de stuollen nei de hichte
rinne, want de sâlte see docht sear,
de brâning docht har ek net goed.
Sa is ’t mar krekt,
de nacht komt nei de jûn,
juist loopt het strand hier onder,
sicher, die Strandkörber bleiben recht,
gjin weach dy’t hjir de rêst ferbrekt.
* Foto ‘Strânstuollen op it eilân Juist’