Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Skippersrêch

Lyrysk Deiboek


It kaam net faak mear foar
dat op in kostlik moaie jûn
in skûtsje nei de Potten foer,
de tiid fan turf yn ’t rom wie oer.

Twa ankers kamen foar
de kop en holden ’t skûtsje op
it plak, it bleau de nacht grif oer,
de tiid fan rêst foar seil en roer.

De skipper dûkte yn
de roef mei op ’e holle noch
de pet, dy’t tsjûge fan alear,
mar ’t fan de waarme jûn ferlear.

Hy dûkte sûnder pet
wer op, hie inkeld ’t himd noch oan,
sa achter ’t swurd joech hy him del,
ûntbleate dêr it skippersfel.

Tradysje wie dêr út
de broek wannear’t de need heech wie,
mar ’t duorre langer as normaal,
de skipper hie in oar ferhaal:

‘It komt net faak mear foar
dat op sa’n kostlik moaie jûn
ik mei de rêch yn ’t sintsje sit,
wat ik net om de boarger lit.’

admin

Blokkades

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

Is de wei oer lân ôfsletten,
soargje foar in brêge troch de loft
om iten nei Berlyn te fleanen,
ek al duorret soks in skoft.

Lit de Russen it net winne
mei blokkades yn de kâlde striid,
wat liket foar it folk op fleanen
nei in hongerige tiid.

West-Berlyn sil it oerlibje,
nettsjinsteande militêre macht
dêr’t Russen yn dy tiid foar geane,
oeral steane sy op wacht.

Russen geane op werhelling,
keare ek it Oekraynske nôt,
nearne dêr’t sy rjocht foar steane,
libbens litte harren kâld.

* Foto ‘Berlynske loftbrêge’


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum