Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Djipgeand allinne

Skiednisbylden

fan Henry Moore*

As bommen falle op ’e stêd,
wêr moat men dan oars hinne
as massaal de djipte yn?
Dêr lôget net in deadlik fjoer,
mar mist men wol de sinne.

Oan ’t bern jout mem de waarmte troch
wannear’t de djipte trillet
fan de bommen op ’e stêd;
de grutste bangens is dan oer
as mem syn triljen stillet.

Gjinien jout him hjir rêstich del,
massaal is men allinne
mei syn eigen inerlik;
dat jout yn dit ferbân gjin stjoer
oan skonken dy’t neat kinne.

Want rinne kin men boppe net
en amper yn de djipte,
dêr’t de massa hâldt him yn
oant it deadlik fjoer is oer
en boppe ûnder tipt hat.

* Henry Moore (1898-1986)
Tekening ‘Yn de skûlkelder 1’
Tekening ‘Yn de skûlkelder 2’

admin

Profeten as jakhalzen

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Ezechiël

‘Minskesoan,’ sa klonk my as profeet
fan wiere wurden yn de earen,
‘do silst profetearje tsjin
profeten mei har falske wurden,
want fan ’t wiere wurd ha sy gjin weet.’

Tal fan wiere wurden ha ik sein:
‘Jakhalzen binne jimme, dy’t net
sprongen yn de bres foar ’t folk
doe’t yn de stêd in muorre stikken
rekke, want jim bleauwen op it plein.

Frede wie it wurd dat sprutsen waard,
it wie de witerskalk op ’t muorke
dat it sljochte folk boud hie;
wannear’t in stoarm dat muorke falle
lit, hat ek jim witerskalk gjin baat.

Om’t jim fredesfisioen is fier
fan wier, brekt los in stoarm mei stjalprein,
wylst heilstiennen bringe jim
gjin heil, mar krekt oarsom, jim komme
om, lykas de jakhals, in falsk dier.’

* Foto ‘Gûlende jakhals’  

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum