september 29, 2023
fan ûnbekend*
Se ha har deistich wurk wer dien,
it dûken nei de glêde iel,
mar watfoar fisk ek foar har swimt,
sels grutte glide troch de kiel.
Gjin swarte goes en ek gjin raaf,
as ielgoes giet er troch de tiid,
hy is himsels, swimt, dûkt en klimt
en spriedt op tiid syn wjukken wiid.
Yn Fryslân wurdst him ek gewaar,
mar fierderop dûkt hy ek op,
by Aswan klimt er op in rots,
rêst bringt him der wer boppe-op.
De iel swimt yn syn mage om,
mar wurdt úteinlik wol de bút
dy’t stadich op ’e rots fertart,
de bonke koarret hy dêr út.
* Foto ‘Ielguozzen op ’e rots yn de Nyl’
september 28, 2023
fan Peter Paul Rubens*
It koe net better, hy wie sûn,
it striele fan syn antlit ôf:
de eagen wach, de bolle wangen
read, de hals joech dat ek oan,
foar him hie ’t libben wearde:
dokter, algemist, gelearde.
Hy fielde him mei ’t gea ferbûn,
tocht djipgeand nei oer de natuer,
dy’t achter him blau-grien opljochte;
stúdzje makke hy fan grut
oant lyts, foar him fan wearde,
dêrfoar wie er ek gelearde.
As algemist fûn hy it sûn
om mei gemy foar fol te gean:
genêze mei de krekte middels,
foar pasjinten gemysk goud;
wat Paracelsus learde,
hie yn letter tiid gjin wearde.
* Peter Paul Rubens (1571-1640)
Skilderij ‘Portret fan Paracelsus’