Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Atlantysk Hânfêst

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Gjin losse hannen, hâld se fêst
wannear’t de fijân klapt deryn
mei wapens en diskriminaasje,
wa’t prinsipes skeint, besoarget lêst.

Lit Churchill stean mei Roosevelt
foar frede ,frijheid en it rjocht
fan selsbeskikking foar de naasjes…
lis it fêst, sadat it Hânfêst telt.

It oarlochsskip ‘Augusta’ lei
foar anker, as in boei sa fêst
om foar de naasjes ’t paad te wizen
nei de takomst: far mei frijheid mei…

… dy’t koers set nei in nije wrâld
dêr’t elkenien komt ta syn rjocht,
fêsthâldend mei in grut tal hannen,
foar de hiele ierde in behâld.

* Foto ‘Op kruser Augusta’

admin

Op susters lykje

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Ezechiël

Sa’t de mem is, sa de dochter,
sa dyn susters, sa bist sels,
dit sprekwurd sprekt de wierheid,
want do rûnst itselde paad
fan ûngerjochtichheid en skande,
wat lei yn jim ferdoarne aard.

Sodom is dyn iene suster,
mei har dochters wie sy grutsk,
bolbjirken en oermoedich;
gjin begrutsjen hiene sy
mei earmelju dy’t bystân fregen…
helpfeardigens wie der net by.

Samaria, ek dyn suster,
 wie ek net fan ’t kweade frij,
mar die safolle net as
dy, sy stie mear yn har rjocht,
dus skamje dy en draach dyn skande,
dy hast ta grutte hichte brocht.

* Foto ‘Susters’


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum