Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Untdekke

Keunst

fan Mario Carreno*

Se baaiden neaken yn ’t gebiet
dat op har oerkaam as natuerlik
wolle wy ûntdekke wat der is:
it sêfte grien, de skerpe skulp,
alles wat de see ús biedt.

Dochs waarden sy ynienen kjel
fan wite doeken dy’t frjemd bollen…
wolle dy bedekke wat bleat is?
Dan krûpe wy wol yn de skulp,
jouwe ús yn ’t tsjuster del.

It tsjuster duorre iuwen lang,
want frjemd woe har gebiet ûntdekke,
dat úteinlik lei it eilân bleat…
wy krûpe neaken út ’e skulp
as it folk fan twadde rang.

* Mario Carreno (1913-1999)
Skilderij ‘De ûntdekking fan it Karibyske gebiet’

admin

Omkear nei it ferbûn

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Ezechiël

Sjoch nei Sodom en har dochters,
Samaria en har dochters,
dy’t wer wurde as fan âlds:
‘Ik bring foar har in omkear,’
is de godsspraak fan de Hear.

Sjoch, dyn skandlike praktiken
kamen fuort út in heechmoedich
hert, dat lietsto dúdlik sjen.
‘Ik bring foar dy in ommekear,’
sa is de godsspraak fan de Hear.

Oer dyn hâlden silst dy skamje,
om te swijen oer dyn dragen,
dat net sprekken lije kin.
‘Fersoening bringt de ommekear,’
sa is de godsspraak fan de Hear.

Sjoch, do hast dyn eed fan trou net
teld, ferbrutsen is ’t ferbûn dat
earder mei dy sletten is.
‘In nij ferbûn bringt no de kear,’
sa is de godsspraak fan de Hear.

* Foto ‘Omkear’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum