Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Kastiel en minske

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Kin in kastiel lykas de minske
groeie troch de tiid him jûn?
De tiden jouwe him it oansjen,
dat feroaret, mar it bliuwt wol sûn.

Boarch Bürresheim hat mear as njoggen
iuwen lyn foar ’t earst it ljocht
sjoen, lyts fan oansjen, grut foar minsken
yn dy tiid, boarch dy’t der wêze mocht.

Slot Bürresheim koe groeie as de
minske: geastlik en fysyk,
kultuer gie lykop mei it bouwurk,
troch de tiid waard it kastiel gjin lyk.

De minske hat in better libben
as hy sparret sa’n gebou
en fierder bout foar ’t mânske oansjen…
bliuwt er altyd oan dy opdracht trou?

* Foto ‘Kastiel Bürresheim’


admin

Drinkend sjonge

Keunst

fan Adriaen van Ostade*

Se ha gjin lêst fan stikstof,
ek net fan tefolle dong,
’t probleem fan CO-twa
lit haren laitsjend kâld,
troch ’t krûkje bliuwt men jong.

Se nimme hjoed in slokje,
jouwe troch de folle krûk,
der is genôch foar twa,
it bern is noch te jong,
hat soms in wiete broek.

Sy fûn yn ’t laad in boekje
mei wat ferskes foar de fleur,
want wille wol men ha,
fan beide wurdt men waarm,
sa krijt it libben kleur.

Genôch stof, nee net stikke
fan de drank en fan de sang,
it libben laket ta
oan wa bliuwt ivich jong,
dy’t lucht krijt, libbet lang.

* Adriaen van Ostade (1610-1685)
Skilderij ‘Sjongende boeren’


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum