Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Blauhúster stapkapel

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It is de hichte wer yngien,
it wie diskear foar ’t lêst,
se hawwe yn de koepel stien,
it stel fan de kapel
sleat blazend ôf op ’t alderbêst.

Image

Se ha de heale wrâld omrûn
al musisearjend fan
de moarntiid oant de lette jûn,
it stel jout him no del
mei noch in pilske, twa de man.

Twa hannen holden de trompet,
twa skuon ferslieten rap,
dêr ha se hegerop mei ret:
it stel bleau noch yn tel
mei troch de blauwe loft op stap.

Image

admin

Fyts foar pils

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De wike kin net sûnder swit,
want wurkje sil men foar de kost,
dat freget ek it kabinet,
ús Heineken moat net fallyt en lit
ek liberalen op har post.

Image

It wykein rint de flesse oer,
de pils streamt troch de Snitser grêft,
want elk drinkt neffens rjocht en wet,
wat folge wurdt troch strakke striel en boer,
it frije libben hoecht net sêft.

De wurkers rinne har yn ’t swit,
de ynset is wiswier net lyts
foar drinkers en it kabinet
dat driuwt op lege flessen, mar sjoch dit:
it lean foar wurkers is in fyts.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum