Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Histoaryske grafity

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It wie noch foar de skrifthistoarje
dat guon yndinanen kamen oer de see
nei ’t namleas eilân, no Bonaire,
dêr fûnen se har libbensstee:
in grot, noch sûnder gloarje.

Image

Men woe wol ha: de prehistoarje,
mar sjedêr de reade tekens op ‘e stien,
it namleas skrift fan yndianen,
sy ha it foar har hobby dien,
net mei it each op gloarje.

Image

It wie al ieuwenlang histoarje
doe’t der kamen swarte tekens troch it read,
bekende nammen op Bonaire,
sy ha it fan in master leard,
har hoanne kraait fiktoarje.

Sjoch no ris oan, wol potferdoarje:
flitsend swinge tekens fan de muorre ôf,
in grafysk skrift foar de elite,
fan read nei rôze op himelsblau,
mar wurdt it ek histoarje?

Image

admin

Eiberts bydrage

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De romte tilt hjoed op fan kleuren
yn it bûtlân oan de Ie,
de krûden fluitsje heech in liet,
de blommen struie rynsk it giel,
dêrtusken tearen op it wiet:
in multymediaal gehiel.

Hy is al lang net mear yn funksje,
hearsker oer it wetterpeil,
no skeinde slaaf fan waar en wyn,
syn wjukken hingje lam foaroer,
wa hâldt dan noch de moed deryn
as middel foar de bûtlânsboer?

Fertrou op ’t multymediale
fan it bûtlân oan de Ie
mei eibert as fernijend diel,
syn wjukken binne noch yntakt,
hy fljocht mei ’t lichem en de siel
fan ’t nije mooltsje op kontrakt.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum