Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Massyf

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Wat massyf is,
kin men net trochhinne,
lykas machten
dy’t it foar it sizzen ha,
lykwols net winne kinne.

Want wat wis is,
is it minsklik fielen
dat de krêft jout
om in eigen paad te gean,
mei oaren ’t sicht te dielen.

Sjoch wat útsicht
jout op wat natuerlik
is, bliuw efkes
stean om nei ’t massyf te sjen,
natuerlik, ek figuerlik.

* Foto ‘Ceahlau-massyf yn Roemenië’


admin

Bewiis fan âlde tiden

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

Thor Heyerdahl gie fier werom
en dêrnei ek foarút de oseaan
oer om te bewizen
dat de Inka’s foeren nei
it westen om dêr te ûntdekken
Polynesië.

De âlde tiid kaam net werom,
mar wol koe men it âlde stal jaan
troch ’t meitsjen fan in flot dat
Inka’s brûkten foar de feart
om fiere oarden te ûntdekken…
Polynesië?

It flot fan balsahout brocht Thor
mei syn bemanning oer de oseaan,
’t gie foar de wyn, de streaming
mei, sa’n hûndert dagen lang
om oan te kommen op in eilân…
Polynesië!

* Foto ‘Thor Heyerdahl’
* Foto ‘Flot Kon-Tiki’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum