juni 2, 2025
fan ûnbekend*
Pearl Harbor leit djip yn ’t ûnthâld
fersonken, byld fan oarlochsskippen
dy’t yn fjoer en flam fergean,
in helder byld as argetype,
opljochtsjend yn de hiele wrâld.
Sjedêr hoe’t fjoer en flam it byld
oproppe fan tal bommewerpers
op it fleanfjild, dy’t nea wer
de loft yngean, Pearl Harbor ljochtet
op, ’t argetype wurdt wer dield.
Pearl Harbor, Moermansk, Irkoetsj, djip
fersonken lizze oarlochsskippen,
bommewerpers yn ’t ûnthâld;
in wite do fljocht foar de frede,
as argetype hjoed in stip.
* Foto ‘Pearl Harbor’
mei 31, 2025
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Ezra wie syn earste namme,
mar hy hie neat mei in Joad,
fereare Mussolini,
wie fassist en antysemitist,
liet dat ek witte, ûnbeskamsum
spriek er fan: ‘Dit is ’t!’
Dichter wie er, grut fan namme
mei ‘The Cantos’, ’t lange liet
dat letter publisearre
waard, fertellend spriek er fan: ‘Dit is ’t!’
Hy hat him foar syn wurk nea skamme,
miende dat er ’t wist.
‘Hjir is ’t radioprogramma
tsjin de presidint en Joad,
dêr’t ik myn ljocht oer skine
lit, de Holocaust is mar in list,
nea bard, dus oars net as in namme
dy’t betsjutting mist.
Ezra Pound hat jong al flamme,
rekke âld de rjochting kwyt,
gjin stjoer joech syn ferline
as fassist en antysemitist,
miskien hat hy him doe noch skamme:
gek dy’t alles wist.
* Foto ‘De jonge Ezra Pound’
** Foto ‘De âlde Ezra Pound’