Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Hynstespul

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It byld wie net sa fleurich
doe’t ik by de greide kaam
en trije hynders seach:
twa brune mei it each
op ’t swarte, wat ik naam
as earnst, dus ’t stimde treurich.

It wie diskriminaasje,
brún tsjin swart, sa tocht ik earst:
in raam en yn in tel
gie ’t swarte fel al del,
lykwols die noch it searst
it spul fan ’t brune naasje.

It stie sabeare treurich
en hold as maten deadewacht
mei trije sturten del,
noch fan de klappen kjel,
mar wit hoe’t earnst beslacht:
se fjouweren wer fleurich.

admin

Fan sulver nei goud

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Pyt Hein hie mar in lytse namme,
mar hy wûn de Spaanske sulverfloat,
sadat it hiele folk jûchheide,
as liuw seach ’t lân net op in moard,
it gie dochs om de bút, ferjamme!

Image

Lit him gewoan mar Sytse hjitte,
skipper fan ‘Sydsulver’, silersskou,
wat rustich oan de wite siden,
mar lykas sulver bliuwt syn frou
de skou, dat wol er witte litte.

Dan Leonardus’ lange namme,
koe mei ’t swarte jild gjin kant mear út,
sadat hy ’t oan Neptunus wijde,
de liuw beskermet no de bút,
it goud hat hy him nea foar skamme.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum