Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Beurs fan Amsterdam

Keunst
PDF Print E-mail
fan Kasper Karsen*

Image

Salang’t op see de miuw
fleach om ’t beladen skip
mei heech ’t oranje, blanje, bleu,
wie noch gjin sprake fan in dip,
wol fan de Gouden Ieu.

Op rûte Amsterdam,
it hert fan hiel de wrâld
dat kloppe foar it bloed fan goud,
bleau oer allinnich ’t weagjend sâlt,
de wjukken rekken lam.

De beurs mei earder folk
fan folle beurs en ’t wurd
steil nei de hannel foar de wyn,
ferlear syn bonus en syn nut,
gjin miuw as keapmans tolk.

Sjedêr it binnenplak,
no leech en yn ferfal
omdat op see gjin skip mear is;
de skilder bringt op ’t doek syn stal,
dy hannel is syn fak.

* Kaspar Karsen (1810-1896)
skildere in jier foar de sloop (1837)
‘De Alde Beurs yn Amsterdam’.
Hy krige 700 gûne foar it doek.

admin

Sint Joris en de draak

Keunst
PDF Print E-mail
fan Tintoretto*

Image

In Libyske prinsesse
wist net wat har hert oerkaam
dat jage as in flechtsjend laam:
hoe koe har ynteresse,
sa ûnskuldich, ’t kwea ferslaan?

Se hie it witte kinnen
troch de deade op ‘e grûn
as oan it krús fan Kristus bûn.
Wa koe it kwea oerwinne,
skuldich oan wat har oerkaam?

De draak hie ’t lichem nommen,
earst ferkrêfte mei syn fjoer,
ferslynd har geast, ûnskuldich foer,
as net Sint Joris kommen
wie om him de dea te dwaan.

It lânskip siket kimen,
heger noch it rotskastiel,
it fiert it each nei ’t felle giel
om Joris’ die te rimen
mei de Skepper yn syn dwaan.

* Tintoretto (‘ferverke’ nei it berop
fan syn heit dy’t ferver wie)
is de bynamme fan Jacopo Robusti
(sirka 1518-1594).
As jonge al beskildere hy de muorren
fan syn âlderlik hûs.
Hy woe tekenje as Michelangelo
en skilderje as Titiaan.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum