Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Stille oergong

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail

Image

’t Hat west de stille hjerst
noch mei it lêste grien,
it like winterfêst,
mar ’t wie mei gauwens dien.

De siken hold er yn
foar ’t idel spegeljen,
doe rûze oan de wyn
en neat wie mear te sjen.

It helle oan ta wrede stoarm,
sadat it hjerstpalet gjin kâns
hie om te bliuwen yn de foarm
fan simmersk oansjen, yn balâns.

De stilte yn de iere moarn
foarseit mei ’t read opnij in hoart
fan swypkjen, dochs komt hy deroan,
noch heal ferskûle yn it swart.

Image

admin

Tsjin de trend

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image
De stoarm sloech ta en naam se mei
al draaiend op ‘e twirren,
gjin wûnder, want it is de trend:
it âlde rekket wei,
’t komôf bekend.

Mar frjemd genôch kaam ek noch del
it wurk fan minskehannen,
oan stoarmich waar alhiel net wend.
Te rôze en net yn tel?
’t Wie ûnbekend.

In twirre liet in wûnder sjen:
in blom mei trije blêden,
wat yngie tsjin de sirkeltrend:
it âlde giet ferlern,
’t komôf bekend.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum