Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Trochrinnende tiid

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It hat net wêze mochten,
al wie ’t mar foar de helte
mei allinnich snie
lykas in peal dy’t stiet
ferdûbeld troch it wiet,
de boaten yn de wintersliep
en fierderop de skiep,
dêrachter klear de kym,
in wite tiid op rym.

It wie oars neat as dize,
totaal in lytse ierde,
alles yn swart-wyt,
de peallen en de roef,
o ja, ek noch it griis
fan wetter, beammen en de pleats,
de polderdyk rûn dea,
gjin rym op hoarizon,
de tiid rûn inkeld troch.

Image

admin

Rûndraaie

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Fernim de tiden fan it jier
hoe’t dy by ’t swurk lâns jeie,
libben nimmend, stjerrend wier,
dus hear hoe’t beammen kleie.
It wie noch klearebare hjerst
mei fêste brune blêden,
mar dy tiid hie lang al west,
de syklus koe ’t net rêde.

Image

Dus moast it mei de heechtechnyk
fan rappe robothannen,
dat it blêd woe no omlyk,
de tiid twong mei syn plannen.

It bloeide mei it skynsel op
fan lit ús ek mei jeie
oant wy binne op ‘e top
om yn it rûn te draaien.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum