Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Gouden keninkryk

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It kin net oars, ik wit it wol:
it is it plak fan de A-7,
it moat wol mei de ljochten op,
de eagen rjochte op ‘e dyk,
’t is yn ’t belang fan ’t hiele lân,
oars giet it mei ús op ‘e kop
ferkeard yn ’t gouden keninkryk.

It giet net oars as al altyd:
de ierde draait yn it hielal
syn rûntsjes om it grutte ljocht,
ien út miljarden of noch mear;
de sinne komt as reade bol
moarns op, begjint hjoed wer mei nocht,
lûkt him neat oan fan it ferkear.

Ik sjoch it en it rekket my:
it jaget troch op de A-7,
it kin net oars, ik wit it wol,
se hawwe op ‘e dyk gelyk,
’t is yn ’t belang fan ’t hiele lân,
mar ’t reid is fan de sinne fol,
in eigen gouden keninkryk.

Image

admin

Stoarmfêst

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

As it oan de touwen leit,
keunstmjittich fabrisearre,
sterk en passend om de foarm,
kin neat de hang bedjerre.

Sterke foarmen geane mei
de tiid troch, heech wurdearre,
mar de seage raspt alarm,
wat libbet moat no stjerre.

As it oan de buorlju leit,
is sels de stam misfoarme,
woartels lykwols ha as noarm:
wy hâlde fêst yn stoarmen.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum