december 10, 2023
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Brecht hat syn ‘Mutter’ oars bedoeld,
as oanklacht tsjin it kriichsgeweld,
mar sy waard troch ’t publyk wurdearre
as in mem dy’t moedich wie,
wat yn in oarloch telt.
De mem ferlear har trije bern,
ûnminsklik wie it kriichsgeweld,
dêr’t sy as minske troch mislearre,
mar har moed spriek skôgers oan…
Brecht hie it oars ferteld.
In oarloch rekket it gefoel
oer bloed dat streamt as in rivier
troch ’t lânskip dêr’t ek jongsten stjerre,
dus feroare Brecht syn stik:
myn ‘Mutter’ hat it swier.
* Foto ‘Berthold Brecht’
** Toanielstik ‘Mutter Courage’
december 9, 2023
Lit de rie stean foar de feilichheid
foar alle folken yn de wrâld,
ek foar de Palestinen,
bombardearre troch it folk fan god
mei sels in moard-ferline.
Mar de rie hie gjin autoriteit
fanwege ’t oare folk fan god:
de steaten dy’t feriene
wiene, sprieken sterk it feto út
om ’t moard-rjocht te ferlienen.
Beide folken fan dy iene god
ha gjin begrutsjen mei de bern
dy’t út it libben glide,
komme sels oer liken wol foarút,
’t giet ta op genoside.